Nei dy iene dei, doe''t Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sefte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha''k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar us, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sunreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op ''e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as us blauwe perioade.
Poetysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysundere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris unferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lezen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.
www.geertnauta.frl